Doede Veeman - Twa Roeken

Frisian/Dutch folk song by Doede Veeman. Lyrics: wylst ik allinne gyng myn paad heard’ ik twa roeken oan ’e praat de iene tsjin de oare sei: wêr helje wy ús miel hjoed wei wêr helje wy ús miel hjoed wei dêr oan ’e griene dyk yn’t gea dêr leit sûnt koart in ridder dea en nimmen wit dat hy dêr leit inkeld syn houk, syn hûn, syn breid syn houk fangt fûgels as syn bút syn hûn is om de hazzen út syn breid hat immen oars ta diel sa ha wy jûn in skoander miel syn wite hals is dy ta bút ik pik syn blauwe eagen út in lokke fan syn gouden hier is foar ús nêst in tek en sier om him lit mannich minsk’ in trien mar wêr’t er is, dat wit gjinien syn blanke bonken, bleat en njûr dêr waait de wyn foar ivich oer
Back to Top